Opening expositie 'Onder de hoek'
Onder De Hoek: expositie te zien van 18 januari tot 21 maart 2025
Onder de Hoek is in inisjatyf fan tekenaar Wim Swart en skrûjer Stoffel Zandstra. Tegêre meitsje se al mear as 10 ier de strip Onder de Hoek. Dizze strip spilet em meastal au op it plak bij de Blokjesbrêge wêr elke dei in grutte groep (föral) mannen bij elkör komt om it lêste nijs fan kommentaar te fersjen.
Dat gebeurt ik yn de strip wêr de aktualiteit mei in porsy humor en krityk besjoen wurdt. De hoofdpersoanen binne Wybren, Jon, Lange Geart en syn hontsje Lytse Piter.
Yn de strip wurdt Lemsters praten en op dizze wize wolle Wim en Stoffel ekstra oandacht jaan ön uze plaatslike taal: it Lemsters, in fariant fan it Frys. Sij hope op dizze manier ik it brúken fan it Lemsters yn praten en skrûjen te beforderjen.
Nêst de strip, dy regelmatich op Facebook, Instagram en LemsterNijs ferskynt, binne der ik trije stripboeken Onder de Hoek en in Lemster Lêsplankje. Yn e loop fanne tiid binne dêr meardere produkten bij kôm sa as in Lemster Fejidjeskalender, ansichtkaarten, placemats en t.shirts.
Maart 2024 is der in nij boek útjoon tegêre mei De Ronde Tafel 153 NL út De Lemmer. Yn earste ynstânsje is dit ”Doe- en Informatieboek” op de Lemster basissköllen útdeeld. Mar no idder ik in twadde druk en dizze is bij Primera en Skipperland te keep. Dit boek is, yn tsjinstelling tot de oare boekjes, yn it Nederlâns skraun en hyt Ahoy Lemmer yn sicht.
Evenement eigenschappen
Aanvang | zaterdag 18 januari 2025 11:00 |
Prijs per persoon | gratis |